Bern tekenje sûnenskontrakt

Bern tekenje kontrakten mei spilers
Goed 700 kontrakten binne tongersdei yn it Abe Lenstra stadion ûndertekene. It giet hjir om Fryske skoalbern dy't oan in profesjonele fuotballer fan SC Hearrenfean tasizze 20 wike sûn te libjen. Fiif moannen lang sille de bern besykje goed om har iten te tinken en in protte te sporten.
Wannear't dy perioade ôfrûn is, komme de bern wer nei de fuotballers ta om te sjen oft har kondysje ek foarút gien is. By de ûndertekening wiene der in soad aktiviteiten te dwaan.