PvdA Ljouwert wol wettertaksys

20 nov 2008 - 15:03

De PvdA-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert wol wettertaksys ynsette sa gau't de parkeargaraazje ûnder it Saailân ticht giet yn ferbân mei de werynrjochting fan it gebiet. Minsken moatte har auto dan earne oars kwyt. Dat kin ûnder oare op it Fonteinland, tusken de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden en de Belestingtsjinst.

Der is al ôfpraat dat der bussen ynset wurde nei it sintrum ta. Mar de PvdA sjocht yn wettertaksys in better en rapper alternatyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)