Skarsterlân wol fusearje

20 nov 2008 - 14:18
  • Sa soe Skarsterlân it 2012 ha wolle

De gemeente Skarsterlân wol fusearje mei de gemeenten Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat. Dat is it foarstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Dat hawwe se tongersdei nei bûten brocht. De nije gemeente moat 1 jannewaris 2012 in feit wêze.

De gearwurking mei de gemeente Hearrenfean moat wol trochset wurde, fynt it kolleezje. De meiwurkers fan de gemeente Skarsterlân binne tongersdeitemoarn op 'e hichte steld fan it stânpunt fan it kolleezje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)