Sportprojekt Impuls ôfrûn

Impuls krige mear minsken oan it sporten
It breedtesportprojekt Impuls yn de gemeenten Hearrenfean, Skarsterlân, Lemsterlân en Snits hâldt op. Sân jier lang ha de gemeenten gearwurke om mear minsken oan it sporten te krijen. It projekt is in grut sukses wurden.
Doel fan de gemeenten wie om de sportferienings op in heger nivo te tillen en mear minsken oan it sporten te krijen. Se holpen skoallen by it meitsjen fan gymnastyklessen en sportferienings krigen stipe by it winnen fan leden en frijwilligers.