Snorders foaral nachts warber

20 nov 2008 - 13:23

De Taksysintrale Noardeast-Fryslân hat sa bot lêst fan yllegale sjauffeurs, dat der allinnich noch op sneontenacht by de kroegen en disko's lâns riden wurdt om klanten op te heljen.

De yllegale taksy-sjauffeurs, saneamde snorders, ride foar folle legere prizen. Sy wurde belle troch minsken sels, mar ek troch kroechbazen. Foar de sjauffeurs fan Taxi NOF bliuwt dêrtroch gjin wurk oer yn de nachtlike oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)