Ungelok by Tsjalhuzum

20 nov 2008 - 10:40

In 69-jierrige man út Drachten is woansdei op de grutte dyk by Tsjalhuzum ferwûne rekke by in ûngelok. De man ried yn in bocht rjochtút en kaam fia in wâl op de ferkearde kant fan de dyk.

In autobestjoerder dy't him yn de mjitte kaam, koe in frontale oanriding foarkomme, mar beide auto's rekken elkoar noch wol. De man út Drachten rekke ferwûne oan syn skouder en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)