Proef: enerzjy út houtsnippers

© Omrop Fryslân
Gaasterlân-Sleat hat in lanlike primeur mei it testen fan in nije masine dy't kompost en enerzjy makket fan houtsnippers. It giet om in útfining fan de universiteit fan Wageningen.
Ut de plantsoenen fan Gaasterlân-Sleat komt alle jierren 175 ton houtsnippers frij, de helte dêrfan giet aanst yn de nije masine. De gemeente jout 10.000 euro subsydzje foar de test.