Huizinga: krityk wetterskippen

19 nov 2008 - 19:34
  • Steatssiktaris Tineke Huizinga

Wetterskippen moatte kiezers better ynformearje oer it brûken fan de stimbiljetten foar de wetterskipsferkiezings. Dat skriuwt steatssiktaris Tineke Huizinga fan Ferkear en Wettersteat yn in brief oan de Twadde Keamer.

De steatssekretaris reagearret dêrmei op de problemen dy't der binne by it brûken fan de stimbiljetten. Sa kinne bygelyks stimmen ûnjildich wurde as bewenners fan it selde adres har stimbiljetten trochinoar helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)