Lytsere bouterreinen Dokkum

19 nov 2008 - 18:11

De gemeente Dongeradiel komt mei lytsere bouterreinen yn de nijbouwyk De Trije Terpen yn Dokkum. In oantal bouterreinen dat bedoeld wie foar projektûntwikkelders is yn seis lytsere stikken opdield. Dy binne no bedoeld foar ferkeap oan partikulieren.

Neffens de gemeente is der op dit stuit mear ferlet fan lytse frije kavels as fan grutte kavels. De earste belangstellende foar in lytsere kavel hat him yntusken al meld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)