Sûpketen Gaast-Sl. dochs iepen

19 nov 2008 - 11:56

De sûpketen yn Gaasterlân-Sleat bliuwe dochs iepen. It plan fan it kolleezje om de keten te sluten waard net stipe troch de gemeenteried. Neffens de ried is slute net de oplossing en ferlizze je dêrmei it probleam allinnich mar.

De keten moatte har wol oan in tal regels hâlde. Sa mei ûnder de 16 gjin alkohol dronken wurde, oars giet in keet ticht. De ried hat wol ynstimd mei it opskowen fan de iepeningstiden by de hoareka. Yn stee fan 2 oere moat men no 1 oere binnen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)