Soargen oer fermiste jonge

De fermiste Nick Ilan Stork
De plysje freget help by syn syktocht nei de 15-jierrige Nick Ilan Stork út Ljouwert. De jonge is sûnt woansdei 5 novimber fermist. Fia ynternet hat Nick wol in tal kearen yndirekt kontakt hân mei syn famylje, mar dêr bleau it by. De famylje makket him slim soargen.
Nick Ilan is in blanke jonge, 1 meter 80 lang, hat in behindich postuer en stikeltsjeshier. Minsken dy't mear witte oer him wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.