Bon foar fertutearzjen bisten

© Omrop Fryslân
In 56-jierrige man fan It Hearrenfean is troch de plysje op 'e bon slingere, omdat er al langere tiid net goed op syn bisten paste. De ponys, geiten, skiep en kninen stiene yn in stik lân oan de Polderdyk op It Fean en binne no troch de plysje yn beslach nommen.
Ien fan de ponys rûn al in pear moanne kreupel en de bisten hiene neat te fretten. De eigner wie al earder warskôge dat er better op syn fee passe moast. De kreupele pony wie der min oan ta en moast ôfmakke wurde.