Bleate dame yn bosk Oranjewâld

In bleate frou hat snein yn it bosk fan Oranjewâld foar opskuor soarge. De frou stie oan it begjin fan 'e middei neaken te posearen foar in kamera yn neffens foarbijgongers pornografyske standsjes.
In 70-jierrige frou, dy't it mar neat fûn, makke der foto's fan. Se hie in kamera by har om de natuer te fotografearjen. By de plysje binne gjin klachten binnenkommen oer de fotosessy yn it bosk fan Oranjewâld.