Animo ûnderwiisstaking falt ôf

© Omrop Fryslân
Der is net in soad animo foar de staking yn it fuortset ûnderwiis. Minder as 10 persint fan 'e Fryske dosinten leit it wurk woansdei del en giet nei de lanlike manifestaasje yn Utrecht. Dat docht bliken út in belrûntsje fan Omrop Fryslân sân grutte skoalmienskippen bydel.
De bûnen binne al twa jier yn oerlis oer in nije cao. Ien fan de wichtichste punten foar de staking is dat de wurkdruk te heech wêze soe.