Eask: tolve jier foar moard

Niels Kooistra
Tsjin de man dy't fertocht wurdt fan it delstekken fan Niels Kooistra is tolve jier sel easke. De 18-jierrige Ljouwerter krige yn 'e nacht fan 1 op 2 augustus spul mei Kooistra en stuts him mei in mes.
De 28-jierrige Kooistra rekke nei de stekpartij folslein ferlamme en lei twa wiken yn koma yn it sikehûs. Hy stoar op 15 augustus nei it stilsetten fan 'e medyske behanneling.