Bakkers stride om bêste banket

18 nov 2008 - 16:34

De noardlike bakkerfakwedstriden hawwe dit jier mar leafst njoggenhûndert ynstjoerings opsmiten. Dy komme fan 145 bakkers. Sy kinne prizen winne foar de bêste sûkerbôle, de bêste bakken en foar oare bakkerijprodukten. Mei-inoar giet it om 28 kategoryen dêr't in priis te beheljen is.

Wa't de winners binne, makket de sjuery woansdeitemiddei yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)