Cambuurfans no ek yn útfak

18 nov 2008 - 12:28

Troch de suksessen fan SC Cambuur liket it stadion te lyts. Der is safolle fraach nei kaarten foar de wedstriid tsjin Telstar dat de direksje no besletten hat om Cambuurfans yn it útfak te pleatsen.

Yn it útfak is plak foar 500 man wylst Telstar mar mei 60 supporters komt. Cambuur pleatst dy 60 op in oar plak, sadat better oan 'e grutte fraach nei kaarten foar Cambuursupporters foldien wurde kin. Cambuur en Telstar meitsje beide kâns op de tredde perioade.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)