Kosmetikadief trapearre

© Omrop Fryslân
Yn in winkel oan 'e Nijstêd yn Ljouwert hat de plysje freedtemiddei in 22-jierrige ynwenner fan Curaçao oanhâlden. De man soe út 'e winkel wei doe't it alarm ôfgie. Doe't er op oanwizing fan stêdswachten nochris troch it poartsje moast, gie it alarm wer ôf.
Yn 'e tas fan de fertochte waard in soad kosmetika oantroffen mei in wearde fan inkelde hûnderten euro's. De winkeldief is oerbrocht nei it plysjeburo.