Smellingerlân betellet Caparis

Smellingerlân wol meibetelje oan it tekoart fan wurkfoarsjenningsskip Caparis. De gemeente betellet 865.000 euro mei oan it totaaltekoart by Caparis dat op 5,2 miljoen útkomt. Yn 'e kommisjegearkomste fan moandei makken de fraksjes fan ChristenUnie, SGP en SP dúdlik dat de gemeente eventueel ek mear betelje moatte wol.
Yn tsjinstelling ta eardere berjochten sille neffens wethâlder Rozema fan Smellingerlân de gemeenten Ljouwert en Hearrenfean ek jild bydrage.