Brân yn Ljouwerter studintehûs

18 nov 2008 - 06:35

In útslaande brân hat tiisdeitemoarn betiid it souderappartemint fan in studintepân oan de Bote van Bolsertstrjitte yn Ljouwert yn de jiske lein. De brân wie krekt nei fjouwer oere. De goed tritich bewenners fan de eardere Menno van Coehoornskoalle moasten it hûs út en waarden by buorlju opfongen.

Nei in kertier hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle en koene de bewenners werom nei hûs ta. Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)