Jong Cambuur bekert fierder

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandei de bekerwedstriid tsjin Vitesse mei 4-3 wûn en dêrmei de folgjende ronde fan it bekertoernoai berikt. In knappe prestaasje fan de ploech dy't yn de kompetysje net sa geweldich draait. Cambuur hie genôch oan in lykspul, mar in oerwinning smakket fansels better.
Cambuur stie mei rêst mei 2-1 achter, mar doe't Vitesse oan it begjin fan de twadde helte mei 10 man fierder moast, koene de Ljouwerters trochdrukke nei de einstân fan 4-3.