Uttocht Sinteklaas yn Drachten

17 nov 2008 - 20:44

Drachten hat de lanlike primeur fan de earste úttocht fan Sinteklaas. Ofrûne sneon krigen de besikers fan de yntocht fan saneamde Wecycle Pieten in griene jutesek. De bedoeling is dat se dêr âld elektrysk boartersguod en oare apparaten yn dogge en dy op sneon 6 desimber ynleverje.

De aksje is der op rjochte om minsken bewust te meitsjen dat elektryske apparaten recycled wurde moatte en net by it smoargens yn de kontener smiten wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)