Skoalle Hurdegaryp mei dochs

17 nov 2008 - 20:29

Der komt dochs in skoalle foar persoanlik middelber ûnderwiis yn Hurdegaryp. Steatssiktaris Bijsterveldt hat moandei dochs har tastimming jûn foar de stichting fan it Tjalling Koopman College. Earder hie se it fersyk ôfwiisd, mar neidat hûnderten âlders ynteresse toand hiene, is se dochs akkoart gien.

De nije skoalle wol it soarte fan persoanlik ûnderwiis biede dat oars allinnich op djoere privee-skoallen jûn wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)