De Friesland skoart leech

© Omrop Fryslân
De Friesland soarchfersekerder kaam min nei foaren út in ûndersyk fan Zorgweb nei modernisme ûnder soarchfersekerders. Foar it ûndersyk waarden produkten en tsjinsten fan de 22 wichtichste soarchfersekerders beoardiele op skaaimerken fan moadernisme. De Friesland einige op it 19de plak mar seit bliid te wêzen mei it resultaat. De Friesland seit 'sa gewoan mooglik' bliuwe te wollen sûnder mei te dwaan oan alle hypes fan hjoeddedei.