Ynbrekkers ferjitte bút

© Omrop Fryslân
Troch in fersin binne in pear ynbrekkers yn 'e nacht fan snein op moandei sûnder jild fuortgien út in kafee oan de Buorren yn Aldegea Smellingerlân. De dieven woene de gokkasten iepenbrekke, mar fernielden de ferkearde doarkes en koene sadwaande net by it jildlaad.
De ynbrekkers rjochten wol flink wat skea oan. Om binnen te kommen, fernielden se in rút.