Basken winne Husumer filmpriis

16 nov 2008 - 20:28
  • Regisseurs Gabilondo en Bernues fan Kutsidazu bidea, Ixabel

It twadde European Minority Film Award is it ôfrûne wykein wûn troch de Baskyske film Kutsidazu bidea, Ixabel (Lit my it paad sjen, Ixabel.) Op it festival yn it Noardfryske Husum yn Noardfryslân wiene ek twa Fryske films te sjen: De Swarte Ingel fan Steven de Jong en de koarte film De Ein fan 'e Wrâld fan Mirjam de With. De Fryske films foelen der goed yn by it publyk, mar krigen de sjuerypriis net.

De Baskyske film wûn fanwege de humor en it goeie aktearwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)