Leenstra 1e op efterfolging

Marrit Leenstra (foto: Martin de Jong)
Marrit Leenstra fan Wikel is mei Ireen Wüst en Renate Groenewold by de wrâldbekerwedstriden reedriden yn Thialf op It Hearrenfean earste wurden op it ûnderdiel ploege-efterfolging.
De ploech fan Leenstra wûn yn in tiid fan 3.01,32 en dat wie ien sekonde rapper as de nûmmer twa Kanada mei Groves, Nesbitt en Schussler. It Dútske trio Anschütz, Opitz en Pechstein waard tredde yn 3.02.51.