Drugshannel yn Berltsum

16 nov 2008 - 15:47

In St. Annebuerster (20) is sneontenacht yn in wente oan De Piip yn Berltsum oanholden foar drugshannel. In portier fan in hoarekasaak seach dat er pillen ferkeapje woe en warskôge de plysje.

De plysje seach de man de wenning ynrinnen en bellen dêr oan. Se waarden derynlitten, wêrnei't de 20-jierrige man frege waard om de drugs te oerlangjen. Hy joech de plysje in pûdsje mei tolve pillen, nei alle gedachten xtc. Hy sit fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)