Oanholden foar harddrugs

16 nov 2008 - 15:44

Twa ynwenners fan De Westereen fan 25 en 28 jier binne yn har wenplak oanhâlden foar it hawwen fan harddrugs. Se stiene yn de nacht fan sneon op snein by it swimbad oan de Sportleane mei in oantal jongeren.

De plysje wist dat beide mannen harddrugs brûke. By it fûljearjen waarden twa wikkels mei speed of kokaine fûn. It twatal is meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)