Twa kluzen stellen op It Fean

16 nov 2008 - 13:29

By in autobedriuw op It Hearrenfean binne yn de nacht nei snein twa jildkluzen stellen. It is net bekend hoefolle jild at der yn de kluzen siet. In befeilingsmeiwurker seach twa ynbrekkers by it bedriuw oan de Skrynmakker fan in ljedder nei ûnderen kommen.

Hy warskôge fuortendaliks de plysje. Dy ûndersocht de omjouwing mei in plysjehûn, mar de ynbrekkers waarden net fûn. De technyske resjerzje docht de kommende dagen ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)