SC Hearrenfean wint mei 10 man

Goran Popov krige twa kear giel
SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 3-2 fan FC Utrecht wûn. De ploech fan trainer Trond Sollied spile it grutste part fan de twadde helte mei tsien man fanwege in reade kaart (2x giel) foar Goran Popov yn de 50ste minút. Doe wie de stân al 3-2.
Alle goals foelen yn de earste helte. Danijel Pranjic skoarde twa kear en de oare goal kaam fan Roy Beerens. SC Hearrenfean klimt troch dizze oerwinning nei it fiifde plak mei 19 punten út 11 wedstriden.