Superquilt ophongen by Aldehou

15 nov 2008 - 16:20
  • De superquilt oan de Aldehou

Oan de Aldehou yn Ljouwert is sneon in 'superquilt' ophongen. It kleed fan 27 bij 11 meter is gearstald is út 300 ferskate quilts. It is de blikfanger foar de eksposysje oer quilts, dy't snein yn it Fries Museum begjint.

Oan de superquilt is troch 360 froulju wurke. De kleuren op it kleed binne ûntwurpen troch de Amearikaan Kaffe Fassett. De quilt bliuwt in pear dagen hingjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)