Produksje Philips stillein

It skearapparatefabryk yn Drachten
Troch de kredytkrisis wurde yn Europa en Amearika hûnderttûzenen minder skearapparaten ferkocht as gewoanwei. Om foar te kommen dat it magazyn foar de ein fan dit jier grôtfol komt te lizzen, wurdt de produksje by Philips yn Drachten dêrom foar seis wike stillein.
De fakbûnen ha soargen oer de takomst fan Philips yn Drachten. Takom wike is der oerlis mei de direksje, dy't sneon net berikber wie foar in taljochting.