Bekeurings yn Wolvegea

15 nov 2008 - 14:15

De plysje hat freedtemiddei yn in healoere tiid njoggen bekeurings útskreaun oan automobilisten dy't de Van Harenstrjitte yn Wolvegea ynrieden. Dat is sûnt begjin oktober ferbean tusken tolve oere middeis en seis oere jûns en op keapjûnen.

De gemeente wol sa oerlêst troch it ferkear yn de strjitte tsjingean. In pear wike lyn binne der nije buorden yn de strjitte delset om it ferbod dúdliker oan te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)