Hannel yn yllegaal fjoerwurk

15 nov 2008 - 13:33

De plysje hat in 12-jierrige jonge út Berltsum oanhâlden, dy't fertocht wurdt fan it hanneljen yn yllegaal fjoerwurk. De plysje waard ynskeakele troch de skoalle fan de jonge, dy't him betrape hie mei it yllegale fjoerwurk.

Nei de oanhâlding fan de Berltsumer is in jonge (17) út Stiens oanhâlden. By him thús waarden goed 140 flinterbommen en in tal nitraatbommen fûn. Beide jonges ha in proses-ferbaal krigen, it fjoerwurk is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)