Domino-rekord dik ferbrutsen

© Omrop Fryslân
It wrâldrekord fan fallende dominostiennen is freedtejûn yn Ljouwert ferbrutsen. Der giene mear as fjouwer miljoen trijehûnderttûzen stiennen om fan de 4,5 miljoen dy't der yn it WTC Expo delset wiene.
Hjirmei is it rekord fan 2006 dik ferbrutsen. Doe giene der krekt mear as fjouwer miljoen stientsjes om. Ferline jier mislearre it. It wie de tsiende edysje fan betinker Robin Paul Weijers. It dominospektakel waard rjochtstreeks útstjoerd op SBS.