Ferslavingssoarch foldocht

14 nov 2008 - 21:35

It helpen fan jongeren mei in drank- en drugsferslaving yn de Súdwesthoeke slagget goed. De ferskate ynstânsjes dy't har dêrmei dwaande hâlde witte elkoar goed te finen.

Dat soarget der mei foar dat der minder jongeren sûnder diploma fan skoalle geane. Dat wie de konklúzje freed by in wurkbesite fan deputearre Schokker oan de ferslavingssoarch yn Snits. Ek wethâlder Andries Ekhart wie dêr by. Neffens him giet it goed mei it tal foartidich skoalferlitters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)