Juridyske help ûndersykje

© Omrop Fryslân
Der moat in ûnôfhinklike Raad voor de Rechtsstaat komme dy't der foar soarget dat minsken juridyske help krije kinne, ek al kinne se dat net betelje. Dat sei Deken Wouter Cnossen fan de Fryske Orde fan Advokaten by de ynstallaasje fan trije rjochters en twa offisieren fan justysje yn Ljouwert.
Oanlieding is de foarnommen besuniging fan steatssekretaris Albayrak op de rjochtsbystân. Dy helpt minsken as se sels gjin advokaat betelje kinne.