NHL studinten helje stunt út

14 nov 2008 - 17:29

Trije studinten fan de NHL ha in stunt úthelle dêr't minsken oer de hiele wrâld yntrape binne. Se hienen de Googlephone betocht, in konkurrint fan de I-phone. Mar dy Google tillefoan bestiet net echt.

Om't de plannen sa echt liken, waard de tillefoan op ferskate websites as echt beskôge. Mar it gie om in skoalopdracht, se moasten de ideale tillefoan ûntwerpe. De studinten fûnen it no tiid bekend te meitsjen dat de googlephone net echt bestiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)