Thijsje Oenema 17e op 500 m

© Omrop Fryslân
Dit wykein wurde yn Thialf op It Hearrenfean wrâldbekerwedstriden ferriden. By de froulju einige Thijsje Oenema fan De Jouwer freed op de 500 meter op it 17e plak yn 39,48. Se docht dit jier foar it earst mei.
Bêste Nederlânske wie Annette Gerritsen op it fjirde plak yn 38,75. De Sineeske Beixing Wang waard twadde yn 37,63. Dat wie 0,03 sekonde achter nûmer ien Jenny Wolf (37,60).