Diskusjûn oer kofjeshops

14 nov 2008 - 11:36

PvdA Eaststellingwerf organisearret moandei in diskusjejûn oer kofjeshops. Under oaren PvdA-Twadde Keamerlid Lea Bouwmeester sil har fyzje jaan op it belied foar kofjeshops.

Eaststellingwerf hat oant no ta in 0-opsje belied. Dat betsjut dat yn de gemeente gjin kofjeshops binne en dat der ek gjin mooglikheid ta is. Eaststellingwerf wol no in nij belied ûntwikkelje en beriedt him oer it jaan fan in fergunning foar in kofjeshop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)