40 frachtweinen kontrolearre

14 nov 2008 - 10:50

Op it Noarderein yn Drachten hat de plysje tongersdei fjirtich frachtweinen kontrolearre op ûnder oaren gefaarlike stoffen en feilichheidseasken.

Der waarden trettjin bekeurings útdield. It gie dêrby yn de measte gefallen om in te hege of te swiere lading of in lading dy't net goed fêstmakke wie. De kontrôle waard útfierd yn gearwurking mei Miljeuburo Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)