Bonifatiuspark Ljouwert iepen

© Omrop Fryslân
Minsken dy't oerwaagje om in hûs te keapjen yn it Sint Bonifatiuspark yn Ljouwert, kinne fan freed ôf te plak yn it spesjale ynformaasjesintrum op it bouterrein. It ynfosintrum is op freeds en sneons iepen, der binne dan makelders dy't minsken byprate kinne oer de bouplannen. Publyk mei oer it bouterrein rinne om te sjen wat der allegear bart.
Yn it Sint Bonifatiuspark op it plak fan it âlde Bonifatiushospitaal komme 36 terpwenningen en 21 parkfilla's.