Ferlies muorrekeatsers op WK

© Omrop Fryslân
Nei it beheljen fan de WK-titel op it ûnderdiel Llargues, moasten de Fryske keatsers yn Ekwador noch wer in kear oan de bak. Michel van der Veen en Pier Piersma ha de earste dei fan it ûnderdiel muorrekeatsen achter de rêch en mar krekt ferlern.
Nei it Llargues is dat de belangrykste fariant op it keatsspul. Foaral de Súd-Amerikaanske lannen binne der goed yn. It spul wurdt spile yn pûles fan trije lannen. De winners geane troch nei de finalepûl.