Hearrenfean wol jild minister

13 nov 2008 - 21:58

De gemeente Hearrenfean wol ekstra jild ha fan it Ministearje fan Miljeu om maatregels te nimmen foar klimaatferbettering. De gemeente wol ûnder oaren skjinnere auto's keapje en foar 100 persint oergean op griene stroom. Mar dy maatregels binne djoer. Dus hat Hearrenfean de minister frêge om goed 160 tûzen euro by te dragen. Koartlyn hat minister Cramer in potsje beskikber makke foar lokale maatregels. Yn dat potsje sit goed 35 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)