Definityf ein foar Moffett

13 nov 2008 - 21:54

Personiel fan heftruckbouwer Moffett yn Aldeleie is bot teloarsteld no't ek it lêste ûnderdiel fan it bedriuw ticht giet. Tongersdei krigen de 25 oerbleaune personielsleden te hearren dat ek foar har it doek falt. Ferline jier kamen al 60 minsken op strjitte te stean neidat it fabryk ticht gong.

Om dochs yn Aldeleie bliuwe te kinnen waard in nije reparaasjewurkpleats opset. De direksje seit no dat de wurkpleats ferliesjouwend is en dêrom ticht giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)