Ungelok Wâldwei: lange file

13 nov 2008 - 17:19

It ferkear op de Wâldwei tusken Drachten en Ljouwert hat tongersdei oerenlang lêst hân fan opûnthâld, troch in ûngelok. Trije auto's botsten op elkoar, wêrtroch de dyk ôfsletten waard en der fan Drachten ôf in lange file ûntstie.

Ferkear dat de file ûntrinne woe en der by de ôfslach Haven ôf gie, kaam ek yn de problemen. Want op de Noorderhegewei yn Drachten wiene om dy tiid hinne ek trije ûngelokken, dy't foar in soad opûnthâld soargen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)