CD 'Cohen yn it Frysk' útkaam

De CD Cohen yn it Frysk
Tongersdei wie de cd-presintaasje fan 'Cohen yn it Frysk' yn 'e studio's fan Omrop Fryslân.
Tolve Fryske artysten ha de ôfrûne tiid in liet fan de legindaryske singer/songwriter Leonard Cohen yn it Frysk opnaam. Dêrûnder Roel Slofstra dy't it ferneamde nûmer Suzanne fertolket. Inisjatyfnimmer is Bart Kingma dy't de teksten ek oerset hat.