Kalou trije wike oan 'e kant

13 nov 2008 - 14:59
  • Kalou hat wer lêst fan 'e hamstring

Bonaventure Kalou is wer foar yn elk gefal trije wiken útskeakele. De Hearrenfean-oanfaller foel woansdei yn de bekerwedstriid tsjin Haaglandia út. Hy krige wer lêst fan syn hamstring, in blessuere, dêr't er oan it begjin fan it seizoen ek al lêst fan hie. Dizze wike nimme se in echo fan syn hamstring om te sjen hoe slim it is.

Ek Tarik Elyounoussi foel woansdei út mei in ankelblessuere. It is noch net wis oft hy de kommende wedstriid tsjin Utrecht misse moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)