Klachten reklame Homecenter

© Omrop Fryslân
Home Center Wolvegea hat klachten krigen oer in reklamefolder fan de wenboulevard. Yn de folder stiet in foto fan in deade hûn dy't as in soarte fan kleed foar in bank leit. It giet net om in echte hûn, mar toch koe net elkenien de foto op priis stelle.
By Home Center Wolvegea is in tal klachten kaam. Ek de Reclame Code Commissie hat in brief stjoerd oan de meubelwinkel mar makket der fierder gjin saak fan.